E es=ee==-===-
15e Jaargang. No 4.
Januari 1963.
-1-
Wy koene it mei de beste wil fan'e wrald net mear foarinoar
krije om dit krantsje in wike earder forskine to litten: it
hie hwat mear effekt hawn, tinke wij, as dat al bard wie: sa
tusken de Krystdagen en Aid en Nij is it nammers wol in gaed-
like tiid om in setsje rêstich hwat kranten troch to nimmen.
Sadwaende binne wy nou ek mei eare frij om de biwende lokwin-
sken del to skriuwen, of stal en foarm to jaen. Net, dat wy
der eins sa fortrjitlik om wêze soene faeks docht men it ut
gewoante en derby der is ek noch great forskil yn utliz en
bits jutting. Nim bygelyks it Krystfeest men kin syn winsken
ditoangeande formulearje yn it wurdtsje "sillich", dat tinzen
opropt oan in wrald-omfiemjend barren yn in nearzige, lytse en
binypte stal, itjinge lang forlyn it tinken en de biskaving
fan hiel in wrald radikael foroare, fan folk ta folk en fan
minsk ta minsk Mar men kin fansels(hwat sa langer sa mear
yn'e moade komt) ek ien letter yn it wurdtsje foroarje en de
oantsjutting "sellich" foar kar nimme en der dan in feest fan
meitsje, hwerby alle oare eveneminten fan it jier yn it neat
forsinke. Men hoecht net lang yn birie to stean om ut to meit-
sjen, hokfor ynterpretaesje it tichtst oan de wezentlike bidoe-
ling fan it Krystfeest bisibbe is. En dêrom spyt it us neat,dat
wy dizkear to let wiene. Allyksa is it eins mei Aid en Nij.Hwat
foar wurden moat men brüke om jins neiste oan to sprekken by
sokke gelegenheden op in wize, dat men der ek eat fan meinimt
29002155P8
Augustinuskring - D.J.B. -
Middenstandsvereniging -
Dorpsbelang - E.H.B.O. -
Elck Wat Wils - Frisia -
Commissie - Veilig Verkeer-
Fryske Krite - Gymnastiek-
vereniging V. en 0. -
Vriendenkring - Ijsclub
Het Nut - Permanente
Hoofdred.:
D. Deinum
V.C.J.B. - Volksonderwijs
Secr.esse:
Mej. J.v.d.Wel
en Ziekenfonds
Kaatsvereniging ‘‘Pim Mulier
Giro van de Koepe I 829015
Administratie: J.Ypeij.
Maandelijks verschijnend contact-orgaan voor Witmarsum en omstreken.
Uitgave van de samenwerkende verenigingen: