DE KOEPEL
-
Nijjier 1981
33e jiergong
nijs op pepier sette sil, spilet de radio
ten
Maandelijks verschijnend kontakt-orgaan voor Witmarsum en Omstreken
Uitgave van de samenwerkende verenigingen
As ik dit
sfeerfolle krystklanken. Sfeer is wichtich soe men sizze, om de
juste toan to finen om in nijjiersstikje foar de koepel to skriuwen.
Fansels stemmingen bipale wol itjinge hwat men skriuwt, mar net
allinne de sfeer, jen tinzen moatte lykwols de rest fine en lit ik
mar earlik wêze de rest fyn ik net. De wrald wurket nou net bipaeld
mei om yn de juste sfeer to kommen. Rounom om us hinne spanningen
en unfrede. 't Is us yn't bigjin fan dit wichtige jier 1980 al
foarspeld. En siz nou seis, it is üt kommen en faeks noch slimmer
as men tocht. Allinne ha wy fiersto min tiid hawn or der oer nei
to tinken, om mar de swijen, of wy't us allegearre wol realisearre
ha. Wy koene it net keare en lieten it mar oer üs komme, en dan is
it wer krysttiid en it nije jier, dan krekt tinke wy: Hwat ha wy
der fan makke, hwat is der üt kommen fan de goede foarnimmens.Ha
wy hwat biwuster libbe of binne wy foarbij flein oan üs ideaelen
dy't üs foar de eagen stiene oan't bigjin fan dat wichtige nije
jier 1980. Omraek is der praten yn commisjes, hearings en gean sa
mar troch. Stapels rapporten binne der publisearre, statistiken bin
ne der by balden en alles ha wy sjen en hearre kennen.
A
is
Kaartclub „Drie kaart stuk”
Jeugdsoos „De Doofpot”
Gymnastiekver. „V. eh O.”
Muziekver. „Nij Libben”
Kaatsver. „Pim Mulier"
Toneelver. „Surprise”
Perm. Commissie
Fryske Krite
Elk wat Wils
E.H.B.O.
W.O.K.
Peuterspeelzaal
Bejaardendansgroep
Oecumenische Werkgroep
Sportvereniging „Mulier”
Ver. voor Dorpsbelangen
Middenstandsvereniging
A.V.V.L. (crematie)
Tennisclub
Ijsclub
V.O.O.
Aylva State
Vinea Domini
Stichting Zwembad
Zangver. „Scheppingsgave”
Giro van de Koepel 82 90 15
Hoofdred.: Financ. administratie: Secretaresse:
Mevr. T. Bijker-Kooistra J. Jilderda Mevr. G. Deelstra-Bijlsma